RIVM meldt 151 nije besmettingen

08 feb 2021 - 15:23

It RIVM meldt moandei 151 coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 91 minder as snein, doe wiene it 242. De sifers fan moandei binne benammen testen fan sneon. De ôfrûne wike waarden alle dagen gemiddeld 186 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (26). Dêrnei komme Ljouwert (23) en Tytsjerksteradiel (19).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren en Smellingerlân.

Der is ien Fries it sikehûs yn rekke mei corona, dat is in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.

Tiisdei legere sifers

GGD Fryslân ferwachtet dat de sifers tiisdei in stik leger útfalle, omdat snein de testlokaasjes ticht wiene.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 2.273 coronagefallen fêststeld. Dat is in stik leger as gemiddeld en dat komt wol trochdat de GGD-teststrjitten snein ticht wienen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)