Doeksen skrast sneltsjinst nei Skylge en Flylân

08 feb 2021 - 15:03

Rederij Doeksen hellet foar de kommende dagen de sneltsjinst nei Skylge en Flylân út de feart. Dat hat te krijen mei de iisgong, dy't rap tanimt.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Minsken dy't in ôffeart mei de sneltsjinst nei ien fan beide Waadeilannen boekt hiene, krije in omboeking nei in oare ôffeart. Dat jildt foar alle boekings fan tiisdei oant en mei woansdei. Doeksen nimt kontakt mei dizze minsken op.

Trefwurden: 
Flylân Skylge iis Doeksen
(Advertinsje)
(Advertinsje)