Twa Fryske kandidaten stride yn SBS-programma om de titel 'IJsmeester'

Wa kin de moaiste iisskulptuer meitsje? Dat is de haadfraach yn it nije SBS6-programma 'IJsmeesters'. Ferskate dielnimmers gean de iiskâlde striid meiïnoar oan. Under harren ek twa Fryske iismasters: Jeroen Advocaat fan De Gordyk en Jostan Döderlein de Win út Oerterp.
© ANP Foto
No freed is de earste útstjoering fan it SBS-programma 'IJsmeesters'. Fan in blok iis moatte de dielnimmers in keunstwurk meitsje. Wa't dat it bêste kin, mei him of har úteinlik 'iismaster 2021' neame.
Yn alle útstjoerings wurde de dielnimmers beoardiele troch in gastsjuerylid. Dat binne ûnder oaren Hans Klok, Erica Terpstra, Albert Verlinde en astronaut André Kuipers.