MCL nimt strange maatregels yn striid tsjin fierdere besmetting mei coronafirus

Sikehûs MCL yn Ljouwert nimt yngreven maatregels om in fierdere besmetting fan it coronafirus tsjin te gean. Personiel mei net mear fan de iene nei de oare ôfdieling en elkenien wurdt foar elke tsjinst test op it firus. De maatregels binne nedich omdat der op de ôfdieling onkology, mar ek by radiology en dialyze besmettingen binne.
MCL nimt strange maatregels yn striid tsjin fierdere besmetting mei coronafirus
De ôfdieling onkology bliuwt ticht oant moandei 15 febrewaris. Der binne yntusken 24 meiwurkers en 11 pasjinten fan dy ôfdieling besmet rekke.
Bestjoersfoarsitter Patrick Vink fan it MCL seit dat de situaasje hiel ferfelend is foar de meiwurkers en de pasjinten. "Het maakt dat wij erg op onze hoede zijn om patiënten en medewerkers op verschillende afdelingen in te zetten." De bewegingen yn it sikehûs wurde ta in minimum beheind.

Allinnich needsaaklike operaasjes

Neffens Vink ha de maatregels ek ynfloed op de wachtlist foar operaasjes yn it sikehûs, dy't yn de coronakrisis oprûn is nei mear as 4.000 minsken. "We beperken ons tot de ingrepen die echt vanuit medische noodzaak binnen zes weken moeten plaatsvinden. We hadden de afgelopen weken nou juist een klein beetje ruimte gemaakt, om ook de andere ingrepen van al die mensen die veel te lang op wachtlijsten staan te kunnen helpen. Maar daar hebben we voor de komende twee weken even een halt aan moeten toeroepen. En dat is heel vervelend."
It MCL nimt sels kontakt op mei minsken dy't no in ôfspraak misrinne. De strange maatregels yn it sikehûs jilde foar de kommende twa wiken. It MCL hopet dat de situaasje dan wer ûnder kontrôle is.
Bestjoersfoarsitter Patrick Vink fan sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Bestjoersfoarsitter Patrick Vink fan it MCL