Freddy Weima foardroegen as foarsitter primêr ûnderwiisried

08 feb 2021 - 13:46

Bestjoerder Freddy Weima fan DINGtiid is foardroegen as foarsitter fan de PO-Raad, de sektororganisaasje foar it primêr ûnderwiis. Weima kin yn april oan de slach nei syn beneaming troch de ledegearkomste. Oant dy tiid is er noch direkteur-bestjoerder fan ûnderwiisorganisaasje Nuffic, dêr't er sûnt 2012 oan ferbûn is.

Freddy Weima - Foto: ANP

Weima wurke earder ûnder oare foar de ministearjes fan Underwiis, Sosjale Saken en Justysje. Yn Fryslân sit er yn it bestjoer fan DINGtiid, it orgaan foar de Fryske taal.

Op Twitter lit Weima witte bliid te wêzen mei syn nije funksje. "Zeer vereerd! Geweldige sector, veel te doen", skriuwt er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)