Yllegale stjoermêst Spannenburch moat fuort: fergunning is wegere

08 feb 2021 - 13:07

De yllegale stjoermêst by Spannenburch moat fuort. Gemeente De Fryske Marren hat de nije oanfraach fan T-Mobile foar in omjouwingsfergunning wegere. De gemeente sil no mei de provider yn petear om in nije lokaasje foar de mêst te finen.

De stjoermêst - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Yn oktober waard de mêst yn Spannenburch pleatst. Hy krige in plakje oan deselde dyk as de ferneamde toer fan Spannenburch. Nei ûndersyk fan Omrop Fryslân yn desimber die bliken dat de mêst lykwols yllegaal pleatst is. Der wie gjin fergunning ôfjûn, wylst dat by mêsten heger as fiif meter altyd moat.

Omwenners ha noed oer de nije mêst, om't se net wisten wat dy krekt foar wurk docht. No moat er dus fuort. "De omgevingsvergunning is geweigerd," seit in wurdfierder fan De Fryske Marren. "We gaan nu met T-Mobile in gesprek wat een geschikte locatie is. Het gebied voor die locatie is veel breder dan alleen in Tjerkgaast."

(Advertinsje)
(Advertinsje)