Berne-opfang wer iepen: "Het voelt voor iedereen meteen weer als vanouds"

08 feb 2021 - 12:36

Hoewol't it winterwaar hjir en dêr miskien spulbrekker wie, koene bern moandei foar it earst sûnt acht wiken wer nei de berne-opfang. Krekt as de basisskoallen binne ek de berne-opfanglokaasjes moandei wer foar it earst wer iepen. Op it Kwetternêst yn Bitgummole kwetterje de bern der fanatyk op los. "Die geluiden hebben we zo ontzettend gemist."

Berne-opfang wer iepen

It is gesellich drok yn de seal fan It Kwetternêst. Bern boartsje mei-inoar en ha it heechste wurd. Nathalie Roorda is lokaasjelieder: "Op een kinderopvang horen kindergeluiden te zijn. Die hebben we de afgelopen weken zo ontzettend gemist. En het is vandaag nog een extra bijzondere dag vanwege de sneeuw."

In aap yn hûs

Dochs fielt it nei al dy tiid net oars as oars, fertelt Nathalie. "Kinderen weten nog precies het ritme, het voelt weer als vanouds." Denise Hendriks is mem en is bliid dat de berne-opfang wer iepen is. "De eerste weken van de lockdown ging het combineren van werk en kinderen nog redelijk. Maar als je een overleg hebt en je peuter hangt als een aap rond je schouders, dan is dat niet te doen. We kunnen nu weer echt wat werk verzetten."

Wol foarsichtich, mar net benaud

Benaud foar it coronafirus binne se yn Bitgummole net. "We zijn gedurende de coronatijd altijd open gebleven, er komen telkens nieuwe maatregelen bij. Daar houden we ons zo goed mogelijk aan. We zijn heel voorzichtig en oplettend, maar angst hebben we niet."

Bene-opfang It Kwetternêst is wer iepen

(Advertinsje)
(Advertinsje)