KNSB wol ride op natueriis: "Pakke wat we pakke kinne"

08 feb 2021 - 16:29

De KNSB moat alles út de kast helje om it riden fan de grutte maratonklassikers mooglik te meitsjen. Dat is it boadskip yn it brief dat tsien topdifyzjeploegen moandei nei reedrydbûn KNSB stjoerd hawwe. Ien fan de inisjatyfnimmers dy't syn hantekening ûnder it brief set hat, is âld-maratonrider en ploechlieder Peter de Vries. "It is ien foar tolven foar ús. Dizze kâns op natoeriiswedstriden móatte wy mei beide hannen gripe!" De KNSB is it dêrmei iens.

Natueriiskoarts yn it maratonpeloton

De ynhâld fan it brief dat de KNSB moandei krigen hat, is dat de maratonriders mei tsien topdifyzjeploegen dochs maratons ride wolle. De Vries: "Wy hoopje dat de KNSB alles út de kast helje wol, sadat wy kommende dagen coronaproof in oantal klassikers op natoeriis ride kinne."

15 sintimeter iis

Sa't de waarsfoarsizzings no lykje, sil der kommend wykein sa'n 15 sintimeter iis lizze. Dat betsjut dat it iis geskikt is foar it organisearjen fan grutte maratonklassikers. Soks hat de KNSB lykwols ferbean, fanwege de coronamaatregels. Dêr moat neffens de maratonriders sa rap as mooglik feroaring yn komme.

KNSB sjocht kânsen

Dêr't it reedrydbûn KNSB ferline wike noch in nee te hearren krige, stiet de doar no dochs in bytsje iepen, sa fernimt kompetysjelieder maraton Willem Hut: "Wy binne hjoed as KNSB drok oan it oerlizzen mei de oerheid. It giet derom oft it feilich kin en wy tinke dat it feilich kin."

Hut tinkt dat dat benammen te krijen hat mei de waarsferoaring. "Wannear't it kwik ûnder nul komt, wurde we allegearre in bytsje gek yn 'e holle. Dit winterwaar is prachtich, en dat makket wat los."

Reedryde - Foto: Shutterstock.com

Coronabubbel

Peter de Vries leit út wat it plan is. "Wy wolle mei 200 topdifyzjereedriders in pear hotels ôfhiere om sa in saneamde 'coronabubbel' te kreëarjen. Net ien fan ús komt mear bûten, útsein om te trainen of wedstriden te riden. Dat moat te dwaan wêze. By de manlju sil dit krekt wat makliker gean, om't in grut part fan de manlju professional is. Mar ek by de froulju wolle wy sjen wat der nedich is om dat te realisearjen. Neffens my moatte wy dat tegearre mei de KNSB útfiere kinne."

Ald-maratonrider en ploechlieder Peter de Vries

Dat tinkt Hut fan it reedrydbûn ek. "De bubbel fan Thialf hat foar ús in wichtich stikje ûnderfining west. Dat is foar ús it foarbyld hoe't it kin, en miskien wol moat. Dus mei testen, en mei de riders yn isolaasje yn in hotel. Dat betsjut miskien wol dat we meardere wedstriden op deselde lokaasje hâlde moatte, mar dat is dan even net oars."

Gjin topsport

Wêr't oare topsportkompetysjes fan harren oerkeppeljend bûn wol trochgean meie, is dat by it maratonriden net oan de oarder. Maratonreedriden hat nammentlik gjin topsport-etiket. De Vries: "Dat is best frustrearjend. Wy ha ús oant no ta altyd polityk-korrekt útlitten, mar wy litte no fan ús hearre. Wy fine sels dat wy wol deeglik topsporters binne. En topsporters dogge der alles oan om harren sport út oefenje te kinnen. Dus wy ek. Wy helje alles út de kast om it trochgean te litten. No is de KNSB oan bar."

Koördinator maraton Willem Hut fan it KNSB

Dat fine se by de KNSB ek: "It waar kin sa wer omslaan. Ek al binne de foarsizzings noch goed, we moatte pakke wat we pakke kinne. Dit is acht jier ferlyn foar de lêste kear gebeurd, wa wit wannear't it wer kin. Natueriis kinst net foarsizze. Wannear't it der is, moatst it pakke."

(Advertinsje)
(Advertinsje)