Berty de Jong fynt pearel yn oester: "Altijd leuk om er een hangertje van te maken"

De kâns dat it dy oerkomt, is krekt wat grutter as it winnen fan de Staatsloterij, mar it bliuwt in bysûndere fynst: in pearel ûntdekke yn in oester. It oerkaam Berty de Jong. Sy sette har tosken yn in oester by fiskwinkel Schootstra yn Ljouwert, doe't se wat hurds tusken har kiezzen fielde.
© Simon van der Woude
De kâns om in pearel yn in oester te finen is 1 op 15.000, docht bliken út ûndersyk. En as it dy dan bart, is it fansels noch de fraach hoefolle sa'n natoersieraad wurdich is. Mar dêr giet it Berty net om. "Hij is zo groot als een rijstkorrel. Als hij niet veel waard blijkt te zijn, dan is het altijd leuk om er een hangertje van te maken of zo. Het verhaal erachter vind ik sowieso erg leuk."

Grutske fiskferkeaper

Henri Terpstra, eigener fan Visspecialist Schootstra oan de Skrâns yn Ljouwert, is de grutske ferkeaper fan de oester mei de bysûndere ynhâld. Hy is mar wat entûsjast. "Ik vind het gewoon mooi dat zoiets hier gebeurd. Nu maar kijken wat de parel waard is. Het zal mij benieuwen."
Bertry de Jong en Henri Terpstra