RIVM docht ûndersyk yn teststrjitten GGD: wêrom wol of net in coronabesmetting?

08 feb 2021 - 11:13

It RIVM begjint dizze wike mei in ûndersyk yn de teststrjitten fan de GGD. Dêrmei wol it RIVM in better byld krije fan wêrom't guon minsken wol besmet reitsje mei it coronafirus en oaren net. Want dat wurdt net altiten like dúdlik út it boarne- en kontaktûndersyk.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It ûndersyk soe ek ynformaasje opsmite moatte oer it effekt fan it faksinearjen. Minsken dy't har teste litte, kinne meidwaan troch in fragelist yn te foljen. It RIVM sil de antwurden fan minsken mei in negative testútslach fergelykje mei dy fan minsken mei in positive testútslach.

"Hoewel er via bron- en contactonderzoek inzicht is in de verspreiding van het coronavirus in Nederland, is niet altijd duidelijk waar iemand een besmetting heeft opgelopen. En waarom sommige mensen het virus wel krijgen en anderen niet. Daarnaast kunnen andere factoren de kans op een besmetting vergroten, zoals de gezinssituatie of type beroep", sa seit it RIVM.

(Advertinsje)
(Advertinsje)