Wedstriid Jong Ajax - Cambuur skrast fanwege winterwaar

De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong Ajax moandeitejûn giet net troch. Dat hat de KNVB bekend makke. Fanwege it winterwaar kin de wedstriid yn Amsterdam net spile wurde.
Jong Ajax - SC Cambuur © Omrop Fryslân
De wedstriid op sportpark De Toekomst yn Amsterdam tsjin de nûmer alve út de Keuken Kampioen Divisie like lange tiid troch te gean. Mar om alve oere kaam it nijs dat der dochs net fuotballe wurde sil.
Trainer Henk de Jong hie snein de lêste training fan de Ljouwerters ek al skrast fanwege it winterwaar. Hy fûn it net ferantwurde dat syn spilers út bygelyks Noard-Hollân nei Ljouwert ride moasten. Moandei is it foar de Noard-Hollânske spilers fan Cambuur ek dreech om nei Fryslân te kommen, om't der diken útlizze. Dêrom hat de seleksje moandei op 'e nij frij.