Maratonteams skriuwe iepen brief: meitsje bubbel foar wedstriden op natueriis

08 feb 2021 - 09:29

De maratonteams út de Topdivisie wolle dat de KNSB der alles oan docht om in natueriisbubbel mooglik te meitsjen. Dat skriuwe se yn in iepen brief oan it reedrydbûn. It soe dan in bubbel wurde moatte lykas by it langebaanreedriden, wêryn't de riders hieltyd test wurde en allinnich om te trainen en foar wedstriden út harren hotel komme.

It NK op natueriis waard foar it lêst yn 2013 holden - Foto: ANP

Earder makke de KNSB bekend dat der definityf gjin wedstriden op natueriis ferriden wurde. De teams wolle har dêr lykwols net by dellizze. "De huidige marathonrijders trainen nu al meer als 8 jaar om een wedstrijd op Nederlands natuurijs te rijden. Nooit hebben ze de kans gehad, omdat het ijs er simpelweg niet was. En mogelijk ook niet meer komt", skriuwe de teams yn de brief.

"Basis van ons aller schaatssport"

De teams freegje it bûn dêrom om harren hurd te meitsjen foar de bubbel. "Het is aan de KNSB de taak om het belang van natuurijswedstrijden te laten zien, en om aan te tonen wat de mogelijkheden zijn. Het is de basis van ons aller schaatssport!", is te lêzen yn de brief.

De skriuwers hoopje op hiele koarte termyn fan it bûn te hearren hokker stappen dy sette wol om wedstriden dochs mooglik te meitsjen.

Coronaproof

Patrick Wouters fan House of Sports, dat belutsen is by de reedrydbubbel yn Thialf, rôp ek al op om der alles oan te dwaan om in bubbel te meitsjen. Kompetysjelieder Willem Hut fan it KNSB seit dat de KNSB yn steat is om wedstriden te organisearjen sûnder publyk én coronaproof.

De folsleine iepen brief fan de maratonteams is hjir te lêzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)