Alle test- en faksinaasjelokaasjes GGD Fryslân moandei wer iepen

De GGD iepenet moandei alle test- en faksinaasjelokaasjes wer. De fakinaasjelokaasje yn it WTC Expo yn Ljouwert is om 08.00 oere iepen gien en de testlokaasjes iepenje letter dizze moarn de doarren. Dy ha in oanpaste iepeningstiid fan 10.40 oant 16.20 oere, meldt Nils van Mourik fan GGD Fryslân.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Snein bleaune alle lokaasjes ticht, fanwege koade read om it winterske waar. De ôfspraken dy't net trochgean koene, wurde dizze wike ynhelle.
Neffens Van Mourik binne alle lokaasjes moandei goed berikber. De soarchmeiwurkers krije op it stuit harren twadde faksinaasje en ek de 80-plussers wurde noch altyd yninte.
As minsken it net oandoare om nei de lokaasjes te gean, kinne se in nije ôfspraak meitsje om te prikken of te testen. "Wij begrijpen het heel goed, als mensen het niet vertrouwen en thuisblijven en hun afspraak verzetten. Daar hebben we alle begrip voor", seit Van Mourik.
Nils van Mourik fan GGD Fryslân