Situaasje op diken noch altyd ferriederlik, benammen op diken fan Súd nei Noard

De situaasje op de Fryske diken is ek noch altyd ferriederlik. Dat komt foaral ek troch de stosnie, fertelt glêdenskoördinator Peter Snippe fan Rykswettersteat. "Door die stuifsneeuw hebben we bepaalde locaties, waar we zo weer sneeuw hebben liggen." Rykswettersteat is op de A-diken op 'en paad mei snieskowers en sâltstruiers.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Op guon diken is de situaasje better as op oaren. "De wegen die van oost naar west lopen, bijvoorbeeld de A7, dat gaat vrij goed. Op de A32 hebben we wel problemen: die loopt van zuid naar noord. De sneeuw waait vanuit de velden en bermen de straat op."
Snippe ferwachtet dat Rykswettersteat noch wol even dwaande is. "Tot de avond blijft de harde wind. Ik vermoed dat we met een mindere bezetting toch de hele dag aanwezig moeten zijn. Zeker de locaties waar we stuifsneeuw hebben, moeten we de hele dag regelmatig aanwezig zijn om de sneeuw te verwijderen."

N381 is problematysk

Op de provinsjale diken is de situaasje fergelykber, seit Sjoerd Marten Vrieswijk. Hy koördinearret de glêdensbestriding by de provinsje. "De measte diken yn it noarden en rjochting it westen fan de provinsje binne wol aardich begeanber. Mar as we it oer de N381 ha, dat is ien fan de grutte diken yn de provinsje tusken Drachten en Appelskea, dêr ha we hiel bot lêst fan stosnie en dêr ha we dy dúnfoarming."