Kollum: "Wer nei skoalle"

08 feb 2021 - 08:20

"Ferline wike hie de âldste by ús thús in coronaproof bernefeestje. Yn stee fan oan de keukentafel kadootsjes út te pakken, gong alles digitaal fia Teams. It groepke froulju út groep 8 siet foar de iPad drok te keuveljen, song 'Lang zal ze leven' en gong dêrnei oan de slach mei alderhande leuke knutselwurkjes.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Krekt as by in echt bernefeestje foar froulju út groep 8 wie der in 'high tea'. Fan tefoaren hie elkenien in pûdsje mei lekkers krigen foar it feestje. Nijsgjirrich sieten wy fan in ôfstân te sjen hoe't it allerearste digitale bernefeestje útpakke soe. Ik moat sizze: it wie tige slagge. It wie oars as oars, mar it hie tagelyk ek wol wer wat.

Under it teedrinken krigen de froulju in oantal fragen dêr't se har miening oer jaan mochten. Fraach ien wie fuort in skot yn 'e roas. 'Wat is dyn grutste winsk?' Dy fraach mocht ús eigen groep 8-stjer as earste beäntwurdzje. Se hoegde net lang nei te tinken. 'Dat ik wer nei skoalle mei.' En stik foar stik stimden ek alle oare froulju deryn mei dat se it alderalderleafst wer nei skoalle woenen.

Hie dizze fraach in jier lyn op in gewoan bernefeestje steld en de antwurden hienen fêst hiel oars west. Fan 'de bêste wurde mei gymnastyk' oant 'in eigen ponny op 'e jierdei'. Famkes fan groep 8 ha sa harren eigen winsken. Wa hie oait tinke kinnen dat se op de fraach 'Wat is dyn grutste winsk?' as antwurd jaan soenen: wer nei skoalle ta. In jier lyn wie harren grutste winsk noch om noait mear nei skoalle ta.

Dat docht de lockdown mei ús. Dizze ferplichte perioade fan thússitten triuwt elkenien mei de noas op de feiten: it libben dat wy mei ús allen hienen, wie sa gek noch net. Sterker noch: wy sjogge 'reikhalzend' út nei al dy 'gewoane' dingen dêr't wy foarhinne eins neat oan fûnen. Fan it ferplichte oerke switten yn de sportskoalle dêr't wy alle moandeis mei tsjinsin nei ta gongen oant de besite oan de skoanfamylje op sneintemiddei. Wy sjogge der allegear stikem wer nei út.

En sa komt it dat nei skoalle ta gean ynienen in feestje is. Ek by ús thús kinne de bern net wachtsje dat se aanst oer in kertierke wer it lokaal ynstappe meie. Ik tink dat se noch nea sa bliid west ha om nei skoalle ta. It spandoek fan Veilig Verkeer Nederland mei de tekst 'Wij gaan weer naar school' kin wol as feestfersiering ophongen wurde.

Spitich genôch is it noch net sa fier dat elkenien syn grutste winsk útkomt. Litte wy oant dy tiid in foarbyld oan dizze froulju út groep 8 nimme. Sa lang as it moat, kinne wy der mar it bêste in digitaal feestje fan meitsje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)