Winterblog moandei 8 febrewaris: boargemasters jouwe gjin fergunning foar eveneminten op iis

08 feb 2021 - 21:35

It is winter yn Fryslân. De snie fan juster is lizzen bleaun, we ha in kâlde nacht achter de rêch en op in protte plakken is it noch sjippeglêd. It KNMI hie foar hjoed oant 18.00 oere koade oranje ôfkundige fanwege de snie en glêdens, mar ek dêrnei bliuwt it gefaarlik op de diken. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

21:32
Tank foar it folgjen

Hjirmei slute we it liveblog fan dizze moandei ôf. Tank foar it folgjen. Moarn is der wer in liveblog oer it winterwaar yn Fryslân.

20:09
Piet Paulusma jout anwurd op waarfragen

Kening winter hearsket yn Fryslân! Dat moatte gouden tiden wêze foar de waarman dy't altyd sein hat dat it noch winterje koe yn Nederlân: Piet Paulusma. Wy sitte fol fragen oer dizze hiele winterperioade en dêrom wie Piet yn ús radioprogramma Weistra op Wei in oere lang te gast om alle fragen te beäntwurdzjen.

19:31
Friesche IJsbond set "alles op alles"

De tastân fan it iis is op dit stuit net bêst. In soad plakken lizze noch iepen fanwege de hurde wyn. Boppedat binne der in hiel soad stikken dêr't no al snie-iis leit. Neffens iismaster Sytse Kroes fan De Friesche IJsbond is der hiel wat wurk te fersetten om it iis goed berydber te krijen as it friezen bliuwt.

19:10
Alvestêdekoarts yn Den Haag

De Alvestêdekoarts hat ek yn Den Haag taslein: ferskate lanlike politisy seinen moandei dat wat harren oanbelanget toertochten op natueriis trochgean kinne, ek by de no jildende coronamaatregels. In mooglike Alvestêdetocht soe neffens guon politisy ek trochgean moatte.

18:55
IKC Trianova wie hjoed wól iepen

In gaoatysk byld hjoed by de basisskoallen. Net allinnich om it waar, mar ek om it risiko fan corona binne in soad skoallen moandei ticht bleaun. Oaren wienen hjoed wol iepen: bern fan Integraal Kindcentrum IKC Trianova yn Ljouwert krigen foar it earst sûnt wiken wer les op skoalle.

Ferslachjouwer Ronnie Porte op it IKC Trianova yn Ljouwert

18:39
Rutte lit maratons ûndersykje

Premier Mark Rutte lit de mooglikheid foar wedstriden op natueriis foar maratonreedriders ûndersykje. Ofrûne freed sei de premier noch dat foar reedrydwedstriden gjin útsûndering makke wurdt op de coronamaatregels.

18:22
Boargemasters jouwe gjin fergunning foar eveneminten op iis

Festiviteiten op iis dy't in soad riders of taskôgers lûke soene, sille gjin fergunning krije. Dat ha de 25 boargemasters fan it Veiligheidsberaad moandei besletten. Troch de coronamaatregels is it net mooglik sokke eveneminten ta te stean.

"IJsclubs moeten nu geen ijsfeesten willen organiseren. Dat is binnen de geldende coronaregels niet te doen. Alleen al de verplichte 1,5 meter afstand tussen mensen maakt het bijna onmogelijk. Dat is ook de reden dat een heel groot evenement als de Vierdaagse maandag al moest beslissen om de wandeltocht voor juli van dit jaar af te gelasten", sa seit foarsitter fan it Beraad Hubert Bruls.

18:05
Riders ha noch net folle oan 'smots-iis'

Elkenien yn Fryslân hellet de redens al út it fet en siket in betûfte fakman om de izers te slypjen. Dat lêste is lykwols net nedich. It iis leit der nammentlik min hinne, konkludearret ek iismaster Sytse Kroes fan De Friesche IJsbond. "It is oeral smots-iis wurden."

17:55
IIsklups binne der klear foar

Op De Pein binne se der klear foar: ferskate frijwilligers sette alles op alles om de iisflier sa goed mooglik te meitsjen. Fanwegen de snie is it iis op dit stuit 'min', seit foarsitter Gerk-Jan Hylkema. "It foardiel is wol dat de bern harren redens net hoege te slypjen."

Ferslachjouwer Willem de Vries seach by de iisbaan op De Pein

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Dochs moat elkenien noch in bytsje geduld ha. Earder gongen bern it iis al op, wat foar wekken soarge. "Wy ha doe in oprop dien by de Omrop om net op it iis te kommen en dat hat fertuten dien", fertelt Hylkema. "Der is net ien mear op it iis west!"

Op De Gordyk steane se ek klear

Trefwurden: 
snie winter
(Advertinsje)
(Advertinsje)