KNSB wiis mei nij pleit foar maratons op natueriis

Reedrydbûn KNSB is bliid mei it pleit om in 'bubbel' te meitsjen foar reedriders, sadat der dochs maratons op natueriis holden wurde kinne. Dat seit Willem Hut, kompetysjelieder fan it maratonreedriden yn reaksje op útspraken fan Patrick Wouters fan House of Sports. Dy rôp snein de polityk yn Den Haag op om "dit cadeautje van de natuur niet voorbij te laten gaan".
It lêste NK maraton op natueriis yn 2013 © ANP
Premier Mark Rutte joech dizze wike gjin tastimming foar reedrydwedstriden op natueriis, salang't de lockdown noch fan krêft is. De KNSB hie begryp foar it beslút om maratonreedriden net te beskôgjen as topsport, sei Hut. "Mar der binne no nije omstannichheden. We kinne miskien wol foar it earst sûnt 2013 in Nederlânsk kampioenskip op natueriis organisearje. Wa wit wannear't dat wer ris kin?"
Hut wiist derop dat de KNSB mei de reedrydbubbel yn Thialf, dêr't House of Sports ek by belutsen is, mar ek mei de wedstriden yn it shorttrack en keunstriden sjen litten hat dat it se slagget om in feilige omjouwing foarelkoar te krijen. "We binne as KNSB yn steat om in wedstriid te organisearjen op in lokaasje sûnder publyk, mar ek coronaproof. We witte as gjin oar dat it foar de teams feilich moat, mei ferskate testen."

"Ons hoogste cultuurerfgoed"

Foar de maratonteams soe in wedstriid op natueriis ek net gek wêze, nei dit ferlerne seizoen. "In soad maratonriders ha hurd traind, mar koenen dat dizze winter net yn de praktyk bringe."
Wouters wiisde yn syn pleit op it riden op natueriis as "ons hoogste cultuurerfgoed". Hut wiist ek op de bysûndere steat fan natueriis hjir. "We organisearje alle jierren wedstriden op natueriis yn it bûtenlân, mar wedstriden op natueriis yn Nederlân is dochs it moaiste dat we ha."

Begryp foar Wieling

Dat Wiebe Wieling fan de Friesche Elf Steden seit dat in Alvestêdetocht net kin yn pandemytiid, dat snapt Hut. "Dat is ek in tocht troch hiel Fryslân. Dat is sa grut mei alle fasetten dy't dêrby komme. Wy ha it oer ien wedstriid op in ôfsletten plasse, dy kinne we sa organisearje."