MCL slút ôfdieling onkology: 24 meiwurkers en 11 pasjinten besmet mei corona

De ôfdieling onkology fan it Ljouwerter sikehûs MCL bliuwt ticht oant 15 febrewaris. Oanlieding is in útbraak fan it coronafirus op de ôfdieling. Yntusken binne 24 meiwurkers fan de onkology besmet.
© Aise van Beets, Omrop Fryslân
Earder dizze wike kundige it MCL al in opnamestop ôf, doe't bekend waard dat der trettjin besmettingen wienen. "De sluiting is in het belang van de patiënten", seit Froukje Ubels, foarsitter fan de medyske stêf fan it MCL. "We willen koste wat kost voorkomen dat er meer besmettingen optreden. Behandelingen waarbij het medisch verantwoord is, worden uitgesteld."

Nei oare sikehûzen yn Fryslân of Grins

Yn oare gefallen krije pasjinten fan de ôfdieling de nedige soarch yn oare sikehûzen yn Fryslân, of yn it UMCG yn Grins. Dêroer oerleit it MCL mei de belutsen sikehûzen en de Veiligheidsregio Fryslân. Op de ôfdieling onkology binne de ôfrûne perioade alve pasjinten mei corona fêststeld.
Ek op oare ôfdielingen yn it MCL binne meiwurkers besmet rekke. Dy binne allegear werom te lieden oan de útbraak op de ôfdieling onkology. It giet om de ôfdielingen B (ynterne genêskunde), dialyze en radiology. Twa dialyzepasjinten ha it firus ek oprûn.
Alle meiwurkers fan dy ôfdielingen krije binnen in pear dagen in PCR-test by de GGD Fryslân. Tagelyk giet it MCL troch mei it testen fan de meiwurkers foardat se oan har tsjinst begjinne.

Soad maatregels

It sikehûs nimt mear maatregels. De kofjeromten op de ôfdielingen bliuwe ticht en ek it personielsrestaurant en de winkels yn it sikehûzen bliuwe twa wiken sletten. Allinnich de de meiwurkers dy't nedich binne foar de direkte pasjintesoarch wurkje noch yn it sikehûs, alle oare meiwurkers wurkje thús.
It is noch net dúdlik hoe't de besmettingen ûntstean koene. MCL-meiwurkers en pasjinten nimme maatregels om fersprieding fan it firus foar te kommen. It boarne- en kontaktûndersyk rint noch. De meast wierskynlike ferklearring is dat it firus ferspraat is troch in pasjint dy't op ien fan de ôfdielingen ferplege of ûndersocht is. It is noch net bekend oft it giet om de Britske fariant of in oare fariant.

"Zeer ingrijpend"

"Dit is zeer ingrijpend", seit Patrick Vink, foarsitter fan de Ried fan Bestjoer. "In de eerste plaats voor de patiënten en de medewerkers die besmet zijn geraakt met het coronavirus. Wij leven enorm met ze mee en wensen ze sterkte en beterschap. Binnen het MCL zetten we nu maximaal in om verdere verspreiding van het virus binnen het ziekenhuis in te dammen en te stoppen. Juist in deze periode, waarin de maximale capaciteitsinzet van alle ziekenhuizen zo belangrijk is, is dit nieuws over verspreiding van het coronavirus binnen het MCL echt het laatste wat je wilt."
Op de measte ôfdielingen en polykliniken fan it MCL giet de soarch troch. Pasjinten fan wa't in ôfspraak of behanneling útsteld of ferpleatst wurdt, krije persoanlik berjocht. Sy hoege net sels it sikehûs te beljen.
Wurdfierder Frits Mostert fan it MCL