Wiebe Wieling bliuwt derby: Alvestêdetocht yn in pandemy kin net

07 feb 2021 - 18:45

In Alvestêdetocht yn coronatiid kin net. Foarsitter Wiebe Wieling fan de feriening De Friesche Elf Steden lit yn in koarte reaksje oan it ANP witte dat it eardere stânpunt net feroare is.

De Alvestêdetocht fan 1985 by Bartlehiem - Foto: ANP

"Sjoen nei de coronasituaasje op dit stuit ha we net in oar stânpunt as wat we earder ek útdroegen ha. Dat is ek it iennige wat ik deroer kwyt wol", seit Wieling.

It bestjoer fan de Alvestêdetocht liet in moanne lyn noch witte dat it net mooglik om de Alvestêdetocht te organisearjen yn dizze omstannichheden mei de maatregelen omtrint it coronafirus. Salang't de oardelmetermaatregel fan krêft is, wurdt de tocht net holden.

In Alvestêdetocht is gjin echte Alvestêdetocht sûnder publyk.

De Friesche Elf Steden

Yn jannewaris sei it bestjoer dat in alternative Alvestêdetocht, bygelyks sûnder publyk en mei allinnich de wedstriidriders, gjin opsje is. "In Alvestêdetocht is gjin echte Alvestêdetocht sûnder publyk of mei mar yn lyts part fan it dielnimmersfjild."

Noch gjin sintimeter iis

Wieling wit dat in grut part fan Nederlân al hopet op de sechstjinde tocht, no't de winter yn it lân is. Mar hy wiist der ek op dat der noch gjin sintimeter iis leit yn Fryslân.

As de maatregels ferromme wurde, besjocht it bestjoer de situaasje opnij. As der genôch iis leit én de maatregels litte it ta, dan kin it bestjoer binnen 48 oeren in Alvestêdetocht organisearje.

Foarsitter Wiebe Wieling yn novimber oer in eventuele tocht:

(Advertinsje)
(Advertinsje)