GGD wol test- en priklokaasjes moandei iepenje, ek yn Fryslân

De GGD is fan doel om moandei alle test- en faksinaasjelokaasjes wer iepen te smiten. Snein bleaune alle lokaasjes ticht, fanwege koade read om it winterske waar. Moandei jildt koade oranje. Mocht dat dochs noch koade read wurde, dan bliuwe de lokaasjes wol ticht.
© ANP
Regio's kinne sels beslute om in lokaasje ticht te hâlden, as de waarsomstannichheden dêrom freegje. As in test- of faksinaasjelokaasje tichtbliuwt, siket de GGD kontakt mei de minsken dy't in ôfspraak stean ha.
De GGD begrypt as minsken mei in ôfspraak moandei leaver net de dyk op geane. Rykswettersteat advisearret elkenien ek om thús te bliuwen. Wa't net nei in GGD-lokaasje ta wol mar wól in ôfspraak stean hat, wurdt frege om kontakt te sykjen mei de GGD op 0800 - 1202.
Yn hiel Nederlân hat de GGD moandei sa'n 30.000 testôfspraken en 24.000 faksinaasje-ôfspraken stean.