Piet Paulusma: "We komme fêst op redens dizze wike"

07 feb 2021 - 16:59

Snie is net goed foar de iiskwaliteit, mar waarman Piet Paulusma bliuwt optimistysk. Neffens him kinne we dizze wike wol te riden. "In oantal sleatten lizze ticht mei snie-iis. As dêr snie op komt, kinst der net in soad mear mei. Mar in grut part leit noch iepen, dus dat is posityf. We komme fêst op redens."

Foto: Omrop Fryslân

Wat it iis oanbelanget is it goed nijs dat it yn Fryslân tafalt mei de snie. "We ha net de measte snie krigen", fertelt Paulusma. "Mar it bliuwt wol trochsnijen. Der komt snein noch 2 oant 4 sintimeter by. En moandei oerdei falt der ek noch wat lichte snie."

It waarbyld is moandei wol wat rêstiger. "Ut en troch wat snie. We begjinne mei hurde wyn, der bliuwt wurk foar de minsken dy't de diken skjinmeitsje. Moarn oerdei bliuwt der wol wat oerlêst hielendal foar it ferkear. Der kinne sniedunen ûntstean, mei stosnie, matich sicht en glêdens. Mar de sinne komt der út en troch ek by."

Kjeld set troch

De kjeld set goed troch. "De temperatueren sakje noch. Yn Boalsert is it -5 mei in gefoelstemperatuer fan -16. De wyn bliuwt hurd waaien, it is stoarmich yn it waadgebiet mei wynstjitten yn krêft 9. Dat jildt ek foar jûn en fannacht."

"De hiele wike bliuwt der kâns op glêdens. We krije elke nacht matige froast en dêr kin ek in nacht by sitte fan -10."

Trefwurden: 
waar Piet Paulusma iis winter
(Advertinsje)
(Advertinsje)