FIDEO: Snieskowers mei man en macht dwaande om diken sniefrij te meitsjen

07 feb 2021 - 16:30

Rûnom op de Fryske diken binne de snieskowers fan de provinsje, Rykswettersteat en de gemeenten drok dwaande mei it sniefrij meitsjen fan alle diken. Ek wurdt der struid om foar te kommen dat it glêd wurdt. De weinen fan de provinsje struie yn it súdwesten allinnich al 3 ton oan sâlt fuort snein.

Sjoch hoe't de diken skjinmakke wurde

De ploegen binne noch de hiele jûn oan it struien en sille moandei wer de dyk op. Sjoerd Marten Vrieswijk fan de provinsje fertelt hjir hoefolle wurk se der fan ha en wat de aktuele situaasje is.

RTV NOF seach snein ek hoe't Erik Visser fan de glêdensbestriding de diken skjin besiket te hâlden yn it noardeasten fan de provinsje:

Trefwurden: 
struiwein glêdens snie winter
(Advertinsje)
(Advertinsje)