Op- en ôfritten bliuwe glêd, warskôget provinsje

De Provinsjale Wettersteat hat it de hiele dei al smoardrok mei it skjinmeitsjen en skjin hâlden fan de diken yn Fryslân. "De snieploegen ha der in protte wurk fan om alle diken berikber te hâlden", fertelt Sjoerd Marten Vrieswijk fan de provinsje.
De situaasje op de N381 © Sjoerd Marten Vrieswijk
Wer is de situaasje it slimst?
"Ik bin krekt fan Dokkum nei Donkerbroek riden. Hoe súdliker je komme, hoe mear snie der leit. Under Nyegea wie it glêd op in soad plakken, foaral by rotondes en op- en ôfritten. De snieploegen ha in hiel soad wurk fan de haadrydbanen. Se dogge har bêst om de op- en ôfritten mei te pakken, mar dêr kin it noch wol echt glêd wêze. De oprop is noch hieltyd: bliuw thús, mar as je de dyk op geane, tink derom."
Mei hoefolle minsken binne jim oan it wurk?
"Alle ploegen binne op paad. We binne mei 70 man de hiele dei al yn it spier. We ha 1200 ton sâlt struid. We struie 530 kilometer haadrydbanen, 120 kilometer paralleldiken en hast 200 kilometer oan fytspaden. Yn earste ynstânsje rjochte op de haadrydbanen. Wêr't it kin, dan pakke we de paralleldiken en de fytspaden ek mei."
Hoe lang wurket it sâlt?
"Dat hinget fan ferskate faktoaren ôf, dêr kin ik de hiele dei wol oer prate. We bliuwe kontinu struien. It leafst ha we ek wol wat ferkear op de dyk, dan docht it sâlt syn wurk wat better. Mar omdat der net in hiel soad ferkear is, moatte we faker en ekstra struie. Soargje dat de diken sa skjin mooglik bliuwe foar bygelyks helptsjinsten."
Hoe komt it fannacht?
"Der sil in kear in momint komme dat we it spul oan de kant hâlde, want moarnier moatte we wer los. Om 19:00 ha we in online fergadering, dan besjogge we de aktuele stân fan saken. Dan sjogge we ek foarút wat ús te wachtsjen stiet. Jûn sille we fêst wer te struien en te skowen. En dan sjogge we moarn wer."
Mar der is dus wol aardich wat ferskil yn de provinsje?
"Ja, benammen yn it suden leit in soad snie. It waait ek hurd. As it even wat minder snijt, dan fljocht it sa fan de lannen de dyk wer op. It giet hurd troch."
Sjoerd Marten Vrieswijk fan de provinsje