Tal nije coronabesmettingen foars mear as trochsneed

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 242 coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 34 mear as sneon, doe wiene it 208. De ôfrûne wike wurde gemiddeld alle dagen 184 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (50). Dêrnei komme Ljouwert (42) en De Fryske Marren (20).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten De Fryske Marren en Waadhoeke.
Der binne twa Friezen it sikehûs yn rekke mei corona, dat binne ynwenners fan Súdwest-Fryslân en Ljouwert.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 3.963 coronagefallen fêststeld, dat sit om it gemiddelde fan de ôfrûne wike hinne.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.