Fryske 50PLUS-Keamerkandidaat: "Jou jongelju foarrang by faksinaasje"

07 feb 2021 - 14:19

De Fryske 50PLUS-Keamerkandidaat Herman Nota fynt dat jongelju foarrang krije moatte by it faksinearjen. "Lit my dan mar wat langer wachtsje", sei de Parregeaster yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. "Ik sit dan wol yn de risikogroep, mar bin goed sûn en dat jildt ek foar in soad leeftiidsgenoaten."

Herman Nota - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Lit jongelju tusken de 15 en 25 jier mar foar gean. Dy moatte it perspektyf yn it libben werom krije. Oer 15 jier foarmje sy it hert fan de maatskippij. As wy se no wichtich meitsje, betellet dat him letter wol wer út", seit Nota.

Te langsum

Romke de Jong dy't keamerkandidaat is foar D66 fynt it moai idee, mar hâldt dochs leaver fêst oan de strategy fan de oerheid, "Dus earst risikogroepen en soarchmeiwurkers. Mar it giet fansels op it stuit fierstente langsum. Dat moat oars en om my wurdt dêrby ek serieus sjoen nei it Russyske Spoetnik-faksin."

Sympatyk

De jonge publisite Anne-Goaitske Breteler fynt it in sympatike gedachte dat 'sy Nota's prikje wol ha mei', mar foar har is dat net echt nedich. Mar: "Der binne wol in soad jongelju dy't tsjin in burn-out oansitte. Dat soe wol in reden wêze kinne om de folchoarder fan faksinearjen dochs nochris te besjen."

Herman Nota fynt it prima dat der ek nei it Russyske faksin sjoen wurdt: "Mar menear Poetin moat net miene dat wy ús dan stil hâlde oer Navalny of de MH17. Ek al soe dat betsjutte dat it Spoetnik-faksin hjir net komt." Romke de Jong wie dat mei him iens: "Soks mei nea konsekwinsjes hawwe op polityk mêd."

It Nijsfoarum út Buro de Vries

Wolle jo de folsleine útstjoering fan Buro de Vries nochris werom harkje? Dat kin hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)