Op ferskate plakken auto's yn 'e sleat troch glêdens

07 feb 2021 - 12:43

Op ferskate plakken yn Fryslân binne sneintemiddei auto's fan de dyk en yn de sleat rekke. Dat barde ûnder oare yn Frjentsjer, Easterwâlde, Tsjummearum en Skarsterbrêge.

In auto bedarre yn de sleat yn Frjentsjer - Foto: CAMJO Media

Op de Getswerderdyk by Frjentsjer is in auto troch de glêdens fan de dyk en yn it wetter bedarre. De brânwacht, plysje en ambulânse kamen op it ûngelok ôf. De bestjoerder koe sels út de auto komme en is neisjoen troch ambulânsepersoniel. It is net dúdlik oft hy nei it sikehûs moast. In berger hat de auto ôffierd.

Easterwâlde

Oan de Trije Tolhikken by Easterwâlde ferlear ek in automobilist de macht oer it stjoer, wêrnei't er út de bocht fleach en 'e sleat ta stilstân kaam.

De plysje waard ynskeakele om it ferkear te regeljen. In berger hat de auto út de sleat helle, wêrnei't de dyk wer frijjûn waard. By it ûngelok rekke gjinien ferwûne.

Tsjummearum - Foto: Srfotografie

Oan de Hegesylsterwei (N384) yn Tsjummearum ferlear ek in bestjoerder de macht oer it stjoer. De auto rekke yn 'e slip en glide de sleat yn. De bestjoerder koe selsstannich út de auto klimme en rekke net ferwûne. Ek hjir is de auto yntusken burgen.

Fierder rekke oan de Scharren yn Skarsterbrêge in auto fan de dyk, dy't yn de sleat telâne kaam. De bestjoerder is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)