Kuiergroep De Klomp rint de iensumens der út

07 feb 2021 - 11:54

Alle tiisdeis steane sy om 13.00 oere klear. De kuiergroep fan moetingssintrum De Klomp yn Ljouwert. Jos Blauwhuis en har rinners meitsje in rûntsje fan likernôch in oere troch de omjouwing. De groep is bedoeld om efkes de doar út te wêzen en út it isolemint te kommen. Gjin swiere petearen, it is gewoan gesellich. Yn coronatiid ekstra wichtich omdat minsken yn kwetsbere posysjes it dreger hawwe om der út te kommen. De wrâld wurdt lytser en iensumens loert om 'e hoeke.

It groepke is wol lytser as oars, want mei de coronamaatregels is it net mooglik om mei in grutte groep te rinnen en guon doare it ek net omdat se benaud binne om besmet te reitsjen. André is ien fan de minsken dy't der alle wiken is. André hat autisme en wennet yn Ljouwert. De kuiergroep jout him betrouwen en struktuer. Oare dingen kinne no net safolle mear, lykas syn grutte hobby jeu de boules spylje. Mar de kuier giet altyd troch. Hy komt altyd foldien werom fan de kuier.

Ut isolemint bliuwe

Mory is ek fêst fan de partij. Mory komt út Iran en rint mei om út isolemint te bliuwen. Yn de coronatiid kin hy in soad dingen net mear dwaan dy't hy sa graach dwaan wol. Hy is ek wol frijwilliger en hâldt fan keunst mar fielt him troch de coronamaatregels ek geregeld down. Troch de kuier wurdt hy blier. Hy fertelt fan alles oer de wyk Schieringen Heechterp dêr't hy wennet. Der hinget sels in keunstwurk fan him.

De doar út

Neffens Jos Blauwhuis dy't as professional mei de groep rint is sa'n kuiergroep fan grut belang. It hellet de minsken efkes út harren iensumens en der komme soms ek saken oan de oarder dêr't se letter yn in ien op ien petear op werom komme kin mei dy persoan. De minsken dy't no net mear meirinne bellet sy geregeld. Se makket har wol soargen oer de groep kwetsberen dy't no eins net mear de doar út komme.

Alle trije hoopje se dat corona foar de simmer foarby is. André fanwege syn jeu de boules en Mory fanwege de festivals dêr't hy as frijwilliger oan de slach is. "Daar kijk je het hele jaar naar uit en als het dan weer niet doorgaat dan is dat heel erg jammer". Ek kinne se dan wer in bakje kofje of tee drinke nei de kuier, want ek dat kin no fanwege it coronafirus net. "Want it bakje tee, dat is fansels dêr't wy foar rinne", seit Jos Blauwhuis laitsjend.

It rinnen giet lykwols gewoan troch, "Waar of gjin waar en corona of net, wy rinne gewoan troch".

Jos Blauwhuis en har rinners

(Advertinsje)
(Advertinsje)