ARGYF: Flinke sniefal ûntregele Fryslân yn maart 2005

07 feb 2021 - 11:27

Yn 25 jier tiid wie der net safolle snie fallen as op 2 maart 2005. Dy woansdeitemoarn lei der ynienen in flink pak snie oer de hiele provinsje. Yn de Súdwesthoeke foel de measte snie: by Heech waard sels in heale meter metten. De sniefal ûntregele it hiele iepenbiere libben yn Fryslân. Besjoch hjirûnder hoe't dat wie yn in tal fragminten út it argyf fan Omrop Fryslân.

ARGYF: Sniefal yn maart 2005

Slippartijen en ûngelokken

Ek al hie Rykswettersteat al it beskikbere materieel ynset om de diken sniefrij te hâlden, der wiene dochs noch in soad slippartijen en ûngelokken mei blikskea.

Mei man en macht moasten diken sniefrij makke wurde - Foto: Omrop Fryslân

Skoallen ticht

In soad skoallen giene dy dei ticht of pasten it lesprogramma oan omdat learlingen en leararen net by skoalle komme koene. Bedriuwen en ynstellingen bleaune ticht. Ek it grutste part fan de bussen ried de hiele dei net.

ARGYF: Sniefal yn maart 2005

Snowboarde en snowkite

Op guon plakken wienen minsken sels oan it snowboarden en snowkiten, in soarte fan kitesurfen, mar dan op snie yn stee fan wetter.

ARGYF: Wille yn de sniewinter fan 2005

SC Hearrenfean traint yn Ljouwert

De sniefal soarge noch foar in oar histoarysk barren. De seleksje fan SC Hearrenfean koe net op de eigen fjilden traine en wykte op 4 maart 2005 út nei it keunstgersfjild fan Cambuur, dat wol sniefrij makke wurde koe.

ARGYF: Sniefal yn maart 2005

Sjoch foar mear snie yn it ferline op Weromrop by it tema Winter.

Ljouwert, 2 maart 2005 - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)