Flinke lekkaazje troch liedingbrek yn Easterwâlde

07 feb 2021 - 10:41

Oan de Bareldsburglaan yn Easterwâlde wie sneintemoarn sprake fan in flinke lekkaazje troch in liedingbrek. Wetterbedriuw Vitens waard oproppen om it euvel te ferhelpen.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Der kaam in soad wetter frij by de lekkaazje. Dat streamde lokkigernôch in sleat yn, wêrtroch't der gjin grutte problemen ûntstiene sjoen de winterske waarsomstannichheden. Wol is in lyts part fan de dyk sjippeglêd troch befriezing fan it frijkommen wetter.

Meiwurkers fan Vitens slaggen der nei in pear oeren yn om it lek te tichtsjen. Bewenners yn de omlizzende strjitten hiene ûnder dy wurksumens lêst fan lege oant gjin wetterdruk. Wat krekt de oarsaak wie fan de liedingbrek, is net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)