Piet Paulusma: "It is folop winter, geandewei mear en mear snie"

07 feb 2021 - 09:45

Fan snein ôf wurdt it folop winter, seit waarman Piet Paulusma. Net oeral yn de provinsje leit sneintemoarn al likefolle snie, mar stadichoan wurdt dat wol mear. "De situaasje sa't it no liket is ien fan snie en lichte snie. It snijt noch net iens hiel lang yn de provinsje. Yn it suden wat mear, yn it noarden wat minder. Wy sitte fansels mei stoarm yn it Waadgebiet. De gefoelstemperatuer is al aardich leech: yn Boalsert bygelyks al -14 graden."

Foto: Omrop Fryslân

Snein is der neffens de waarman noch it meast snie en lichte snie. "De temperatueren lizze om de -2 en -3 graden. De wyn is stoarmich yn it Iselmargebiet, mei wynstjitten yn krêft 9. Yn it Waadgebiet stoarmich oant stoarm, krêft 8-9 en wynstjitten yn krêft 10-11. En op it fêstelân ek in krêftige of hurde wyn mei wynstjitten yn krêft 7 of 8. En dêr komt snie by, dat jout wat dúnfoarming."

Sneintejûn en nacht falt der ek noch altyd snie: "Mei in hurde wyn en temperatueren tusken de -4 en -6 graden, lichte oant matige froast."

Takom wike: folop winter

Foar de kommende wike stiet der ek wintersk waar op it menu. Paulusma: "Moandei oerdeis -2 of -3, ek ris efkes wat snie en sinne. Noch altyd dy krêftige oant hurde wyn, mar stadichoan bekomt dy wat. Yn de nacht lichte oant matige froast, -6 of -7 graden. En de oare dagen oerdeis lichte froast, meastentiids drûch. Wat sinne der by en -8 en -9, mear de provinsje yn. Tusken de -7 en de -9 yn de nachten. Dat is folop winter."

Ek de waarman freget Friezen om wach te bliuwen: "Fansels in warskôging foar stosnie, kâns op glêdens en sniedúnfoarming en de lege gefoelstemperatuer: snein oerdeis tusken de -10 en -17 en yn de nacht tusken de -16 en -23."

It waarberjocht fan Piet Paulusma fan sneintemoarn

(Advertinsje)
(Advertinsje)