Wettersteat drok: "Fryslân opdield yn twa helten: it suden de measte snie"

07 feb 2021 - 09:29

Fryslân is sneintemoarn opdield yn twa helten, sa liket it wol. "Boppe de line Harns-Ljouwert-Drachten liket it noch aardich grien. Dêr binne wy benammen sâlt oan it struien. Mar ûnder dy line moatte wy njonken it struien ek manmachtich snieskowe", seit Sjoerd Marten Vrieswijk fan provinsje Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Op de provinsjale diken is de situaasje aardich ûnder kontrôle, jout de provinsje oan. Mar yn it súdlike part is it dus wol slimmer as yn it noardlike part. "Yn it suden fan de provinsje leit sa'n 2 oant 5 sintimeter snie en op plakken is it aardich oan it opstowen: dan is it somtiden dreech om der trochhinne te kommen", seit Vrieswijk.

Ek neiglêdenskoördinator Peter Snippe fan Rykswettersteat sjocht dit wol werom: "In het zuidelijk gedeelte van de provincie lift een aantal centimeter sneeuw, in het noordelijke gedeelte valt het nu nog mee."

Noch gjin ûngelokken

Der hawwe noch gjin ûngelokken west, foar safier Vrieswijk en Snippe witte. "Aldergeloks net. It is rêstich op de dyk, it liket der op dat minsken harren goed oan de oprop hâlde om thús te bliuwen. Dy oprop bliuwe wy fansels dwaan: bliuw thús en gean de dyk net op as it net nedich is", seit Vrieswijk.

Sjoerd Marten Vrieswijk fan Provinsje Fryslân

In fideo fan Bernard Mulder:

Bernard Mulder

Snippe fan Rykswettersteat fertelt dat der sneintemoarn al ier en betiid úteinset is mei it struien. "Vanochtend zijn we om 5.00 uur begonnen vanuit steunpunt Joure en om 6.00 uur vanuit steunpunten Drachten en Harlingen. Momenteel zijn we met 58 voertuigen op de weg, voorzien van een sneeuwploeg. Daarvan hebben 24 een combinatie met een zoutstrooier."

Ynride

Just it feit dat minsken thús bliuwe, hat wol konsekwinsjes foar it wurk op de diken. Snippe: "Normaal hebben we profijt van het verkeer op de weg, want dat zorgt ervoor dat het zout en de sneeuw met elkaar vermengd worden door de banden. Nu blijven de meeste mensen thuis en dat merken we, daardoor wordt het voor ons wel moeilijker om de weg schoon te krijgen. De komende uren blijft het sneeuwen en ook de harde wind blijft erbij, dus we verwachten nog wel hard aan het werk te moeten."

Neiglêdenskoördinator Peter Snippe fan Rykswettersteat

(Advertinsje)
(Advertinsje)