Brân yn appartemintekompleks oan de Waterloop yn Snits

De brânwacht is sneintemoarn mei meardere weinen nei in brân oan de Waterloop yn Snits. Neffens brânwacht Fryslân giet it om in appartemintekompleks. Om't it gebou út ferskate ferdjippingen bestiet, is der opskaald nei in saneamde middelbrân. Troch it rappe hanneljen wie de brân frij fluch ûnder kontrôle.
© Kappers Media
De brân soe op de ûnderste ferdjipping wêze, mooglik yn in meterkast. De bewenners koene harren wente feilich ferlitte en binne opfongen, de apparteminten njonken en boppe it troffen appartemint binne ûntromme.