Liveblog | 7 febrewaris 2021

Winterblog snein 7 febrewaris: diken bliuwe sjippeglêd

Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.
Lêst bywurke: 8 febrewaris 2021, 08:06
21:46

Tank foar it folgjen

It is sneintejûn noch hieltyd sjippeglêd op de Fryske diken. Snieskowers en struiweinen ride troch de provinsje, mar it is dreech om de diken sniefrij te krijen. Der lizze in soad sniedunen op en njonken de diken. Boppedat is de delslach noch net út de loft. Tink derom dus!
Hjirmei slute we it liveblog fan dizze snein ôf. Tank foar it folgjen. Moarn wer in liveblog oer it winterwaar yn Fryslân.
21:44

Qbuzz rydt net

De bussen fan ferfierder Qbuzz ride sneintejûn en moandeitemoarn net. Dat giet om bussen yn Grinslân en Drinte, mar ek de bus fan Grins nei Drachten.
Moandeitemoarn om 10.15 besjocht Qbuzz de situaasje wer.
21:16

Dat dat even dúdlik is

20:51

It bliuwt glêd op de dyk

De A31 tusken Ljouwert en Dronryp
20:34

Protte rjochtsaken geane net troch

In hiel soad rjochtsaken geane moandei net troch fanwege it winterwaar. Sawat alle sittingen fan it hôf Arnhem-Ljouwert geane net troch, meldt rechtspraak.nl. "Het KNMI heeft code oranje afgegeven, veel treinen vallen uit, dus is het niet verantwoord om mensen naar zittingen toe te laten komen", skriuwe se.
20:28

Dochs maratons?

Reedrydbûn KNSB is bliid mei it pleit om in 'bubbel' te meitsjen foar reedriders, sadat der dochs maratons op natueriis holden wurde kinne. Dat seit Willem Hut, kompetysjelieder fan it maratonreedriden yn reaksje op útspraken fan Patrick Wouters fan House of Sports. Dy rôp snein de polityk yn Den Haag op om "dit cadeautje van de natuur niet voorbij te laten gaan".