Thússoarch Het Friese Land skrast net-needsaaklike soarch fanwege koade read

06 feb 2021 - 22:18

Thússoarch Het Friese Land aktivearret yn de nacht fan sneon op snein harren kalamiteiteplan fanwegen de waarfoarsizzing en de koade read dy't troch it KNMI ôfkundige is. Dat betsjut dat der allinnich noch medysk needsaaklike soarch oanbean wurdt.

Foto: Shutterstock

Om de needsaaklike soarch oan kliïnten biede te kinnen, sil Het Friese Land ek in berop dwaan op meiwurkers dy't yn it selde doarp of yn de buert fan de kliïnten wenje. Der wurdt fierder besjoen hokker soarch oan famyljeleden en mantelsoargers oerdroegen wurde kin.

Hoelang oft it kalamiteiteplan yn wurking bliuwt, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)