Veerman kopt Hearrenfean nei oerwinning: "Hats, Pasveer is kansloos!"

06 feb 2021 - 21:01

It duorre wol 83 minuten, mar doe wie it lang om let raak: de beslissende 1-0 yn it duel tusken Hearrenfean en Vitesse. It doelpunt kaam fan de holle fan oanfierder Henk Veerman, dy't no net bepaald bekend stiet om syn kopkeunsten. "Dat heb je nu even gezien, hé? Hier, hats!", laket Veerman. "Pasveer was van zo dichtbij kansloos."

Henk Veerman

De spits is tefreden oer it nije spulsyteem fan de Feansters. "Je krijgt Joey (Veerman, red.) vaker in een vrijere rol. Als Siem (De Jong, red.) en Joey dat beide goed invullen, staat dat gewoon goed en is dat gevaarlijker. Dan zie je dat je Vitesse eigenlijk gewoon weg kan spelen." Neffens de Volendammer siet it deroan te kommen dat Hearrenfean wer bettere resultaten helje soe.

"Het is niet opeens, we werken er gewoon keihard voor. Soms mislukt dat totaal, zoals tijdens de eerste weken van de dip. En nu pakt het wel goed uit", seit de kluptopskoarer. "Als je elke week hard werkt met zijn allen, hebben we dat misschien wel eens een keer verdiend."

"We kunnen het tegen iedereen"

Neffens Veerman sil it net de lêste kear wêze dat Hearrenfean sa goed fuotballet. "Dat zeiden we na Feyenoord ook al. Als we het tegen hun kunnen, kunnen we het tegen iedereen. Dat hebben we vandaag weer laten zien."

Jan Paul van Hecke

Jan Paul van Hecke stie nei in pear wiken op de bank foar it earst wer yn de basis by Hearrenfean. "Je komt niet zomaar van me af", laket de ferdigener, dy't sneon as rjochtback spile. "Het ging wel aardig en ik denk dat ik het aardig ingevuld heb. Je moet je heel anders oriënteren. Ik denk dat ik verdedigend niet echt in de problemen ben gekomen en aan de bal was het ook goed."

Ek neffens de Brighton-hierling is Hearrenfean no wol troch de minne perioade hinne. "We hebben die mindere periode nu wel afgesloten. De vorige maand was niet best, maar nu zijn we weer op de goede weg."

Wa wurdt de fêste rjochtsback?

Van Hecke hopet dat er de kommende wiken syn basisplak wer fêsthâlde kin. Op hokker plak dat dan is, makket de sintrale ferdigener net folle út. "Laat mij maar lekker staan. Ik doe mijn ding wel, dat komt wel goed. Al zet je me linksbuiten, alles is beter dan de bank", laket Van Hecke.

Neffens trainer Johnny Jansen wurdt it kommende tiid spannend wa't op rjochtsback stean sil. "Sherel (Floranus, red.) moet weer knokken om erin te komen, dat wordt een mooie concurrentiestrijd. Op dit moment is Van Hecke Floranus voorbij."

Johnny Jansen

Hoewol't it lang duorre, hie de trainer der alle fertrouwen yn dat der noch in doelpunt falle soe. "Ik had echt het gevoel dat we nog ruimte zouden krijgen om een doelpunt te maken. Dat zit ook in ons elftal."

It resultaat wie no dus goed, mar Jansen seach noch wol wat ferbetterpunten. "Ik vond ons wel slordig aan de bal. Dat is ook wel de trainer, he, die nog mogelijkheden ziet. Ik ben echt heel blij, drie wedstrijden achter elkaar de nul gehouden."

Team yn ûntwikkeling

Dat it wat op en ôf gie, hat neffens Jansen foaral te krijen mei de âldens fan de seleksje. "We hebben veel jonge, talentvolle spelers. We hebben wel een geweldige start gehad, maar veel jongens zijn nog in ontwikkeling, wat verwacht je dan? Nu hebben we vijf nieuwe spelers in de selectie, dan moet je je weer ontwikkelen."

Jansen doart kommende tiid elts gefal wer nei boppen te sjen. "Laten we dat maar blijven doen", laket de trainer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)