IIswegesintrale Idaarderadiel yn Grou is klear foar winterwaar

By de iiswegesintrale Idaarderadiel yn Grou binne se hielendal klear foar it winterwaar dat der oankomt. Foarsitter Johannes de Vries hat it der de lêste tiid smoardrok mei hân. Alle dweilweinen binne klearmakke en De Vries hat in plan skreaun foar feilich reedriden yn coronatiid.
IJswegencentrale Idaarderadeel
As der genôch iis leit om te riden, kinne der fanwege it coronafirus dit jier gjin toertochten organisearre wurde. Mar de redens oanlûke foar in rûntsje op de iisbaan of op eigen inisjatyf yn de natuer kin wol. De Vries ropt minsken op om genôch ôfstân te hâlden. "Op de iisbanen kin dat noch goed regele wurde, mar op natueriis is dat lestiger. We kinne der net mei in helikopter boppe hingje om eltsenien hjirop te wizen. Dat moatte minsken sels regelje."
Ferslachjouwer Wendy Kennedy yn Grou