Sterk Hearrenfean ferslacht Vitesse mei lytse marzje

06 feb 2021 - 18:21

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn Vitesse ferslein. De Friezen spilen sterk en krigen in grut tal kânsen, mar kamen mar ien kear ta skoaren. Dat wie lykwols genôch foar de winst: 1-0.

Foto: Orange Pictures

De ploech fan Johnny Jansen sette útein mei Jan Paul van Hecke op rjochtsback, yn stee fan Sherel Floranus, dy't op 'e bank plak nimme moast. Dêr't Hearrenfean de ôfrûne wedstriden faak efter de feiten oanrûn, sochten se tsjin Vitesse fuort de oanfal. De grutste mooglikheden wiene yn de begjinfaze wol foar de besikers.

Hearrenfean falt oan

De Friezen kamen dêrnei lykwols hieltyd faker foar it doel fan de Arnhemmers. Under oaren Henk Veerman krige in tal kânsen om te sjitten Mar de ferdigeners fan Vitesse sieten der hieltyd krekt tusken, en de spits skeat ek ris in meterke neist it doel.

Joey Veerman tocht de Friezen yn de 29e minút op foarsprong te setten doe't Vitesse-ferdigener Danilho Doekhi de bal mei de hân út it sechtjinmetergebiet fuortwurke. Doelman Remko Pasveer koe de penalty út syn doel te hâlde.

Mitchel van Bergen krige krekt foar it skoft noch in enoarme kâns op de 1-0 doe't er troch in pass fan Joey Veerman allinnich op Pasveer ôf koe. De oanfaller stapte lykwols op 'e bal en ferprutste sa de kâns.

Kânsen, kânsen en nochris kânsen

De Feansters giene yn de twadde helte troch dêr't se foar it skoft bleaun wiene: yn de oanfal. Dat soarge ek al gau foar kânsen, bygelyks foar Tibor Halilovic. De Kroaat seach syn skot fia de foet fan Eli Dasa in meterke oer it doel gean. Jan Paul van Hecke kopte út de hoekskop dêrnei krekt oer it doel.

Halilov sette Pasveer dêrnei wer ris oan it wurk mei in ôfstânsskot. De Vitesse-doelman koe dy ynset mar krekt út de krusing hâlde.

Lang om let in doelpunt

Mei noch minder as tsien minuten te gean wie it dan lang om let raak. Nei't Vitesse de bal net fuortwurkje koe, krige Benjamin Nygren de romte om de bal foar te jaan. Henk Veerman krige ek alle romte en kopte de bal fan tichtby yn it doel: 1-0. Vitesse krige krekt foar tiid noch in grutte kâns, mar dat skot fan Maximilian Wittek rekke de latte.

De Friezen klimme troch de winst nei it achtste plakje yn de earedifyzje. Hearrenfean hat no 29 punten en stiet dêrmei ien punt efter op nûmer sân Twente. dat sneon ferlear fan PSV.

SC Hearrenfean - Vitesse 1-0 (0-0). 83. H Veerman 1-0.

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Van Hecke, Dresevic, Bochniewicz, Kaib; Halilovic, Kongolo, J. Veerman, De Jong (78/ Nygren); H. Veerman, Van Bergen (87/Floranus).

(Advertinsje)
(Advertinsje)