VC Snits wint yn spannend duel fan Regio Zwolle

06 feb 2021 - 18:03

VC Snits hat sneontejûn de follyballers fan Regio Zwolle mei 3-2 ferslein. De ploegen giene lang lykop, mar yn de beslissende fiifde set lieten de Snitsers sjen de betteren te wêzen: 15-8.

Foto: Orange Pictures

Hoewol't de ploech út Zwolle twa plakken heger stiet as de Snitsers, spilen se ek twa wedstriden mear. De Snitsers hiene it yn de earste set lestich mei Regio Zwolle en ferlearen de set dan ek mei 28-30.

Ek yn de twadde set wie it spannend, want it ferskil tusken de twa ploegen waard nea hiel grut. Yn 25-22 pakte Snits dizze set wol. De tredde set wie úteinlik frij dúdlik foar de besikers: 17-25.

VC Snits liet yn de fjirde set efkes sjen dat se der ek noch wiene, en twongen mei 25-19 in beslissende fiifde set ôf. It ferskil tusken de twa ploegen wie opnij net grut, mar de Snitsers lutsen wol oan it langste ein: 15-8.

Ferslachjouwer Geartsje de Vries prate nei ôfrin mei trainer Jeffrey Scharbaai

(Advertinsje)
(Advertinsje)