LDODK fynt it skot wer en wint yn Arnhem

06 feb 2021 - 17:39

Nei't LDODK ferline wike tsjin KZ de kopposysje yn de kompetysje ferspile, hie it tsjin Oost-Arnhem, promovendus en hikkesluter yn de pûl, sneontemiddei de tredde oerwinning fan it seizoen te pakken.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste helte pakten de Friezen in foarsprong fan fiif goals: 11-16. Dat hie benammen te krijen mei in suver sjittend earste oanfalsfak. Sy skoarden 12 fan de 16 goals fan LDODK. Ran Faber makke yndruk mei 4 doelpunten en in skotpersintaazje fan 80 prosint, en ek Erwin Zwart wie op dreef mei 5 goals (42 prosint).

Saaklik útspile

Yn de twadde helte koene De Gordyksters de foarsprong útwreidzje nei in ferskil fan maksimaal njoggen treffers (13-21). It lêste kertier mocht Oost-Arnhem it gatsje wat lytser meitsje. Fia twa treffers fan Rick Verdouw like it noch in bytsje spannend te wurden (19-23), mar Rixt Bouma soarge mei har tredde goal foar de einstân 21-27. Erwin Zwart waard topskoarder mei 9 goals.

Topper tsjin PKC

LDODK stiet nei fjouwer duels op it twadde plak mei seis punten. Koprinner is PKC út Papendrecht mei acht punten. Dy ploech komt sneon op besite yn De Gordyk. It duel begjint om 15.30 oere.

KUORBAL LEAGUE

GROEP A DUELS PUNTEN
1. PKC 4 8
2. LDODK 4 6
3. Blauw Wit (A) 4 4
4. KZ 4 4
5. Groen Geel 4 2
6. Oost-Arnhem 4 0
Trefwurden: 
kuorbal LDODK Oost-Arnhem
(Advertinsje)
(Advertinsje)