Cambuur Sjoernaal: Henk de Jong skrast training, Nick Doodeman begjint op de bank

SC Cambuur skrast snein de lêste training foar de wedstriid tsjin Jong Ajax. Trainer Henk de Jong wol net dat syn spilers trochdat se nei it stadion komme moatte, risiko nimme troch de dyk op te gean. De Jong giet der foarearst fanút dat it duel mei Jong Ajax moandei wol troch giet. Oanfaller Nick Doodeman soe dan syn debút meitsje kinne foar de Ljouwerters. Yn it Cambuur Sjoernaal mear hjiroer...
Cambuur Sjoernaal sneon 6 febrewaris
Henk de Jong begrypt dat de wedstriid fan moandei no noch net útsteld is troch it fuotbalbûn. "It is hiel ûnwis wêr't de snie falt, mar it wurdt ek hiel kâld. Ik bin benijd wat de KNVB dwaan giet, mar ik snap dat se noch efkes wachtsje no't der noch neat fallen is. As we fuotbalje kinne, wol ik wol fuotbalje."
De trainer fan de Ljouwerters hat wol besluten om de lêste training fan snein ôf te sizzen. "Dy jonges moatte út Zwolle komme, út Emmen, fan oer de Ofslútdyk, ik wol net dat se ferûngelokje. As dat bart trochdat ik sis dat se hjir komme moatte, hâld ik fuortendaliks op mei trainen. Ik nim dêr gjin risiko yn."

Mac-Intosch mist

De seleksje fan de Ljouwerters is sa goed as kompleet foar it treffen mei de Amsterdammers. De langer blessearre Stanley Akoy ûntbrekt en datselde jildt foar Calvin Mac-Intosch. De ferdigener kaam dizze wike op de training yn botsing mei ien fan de keepers en hat lêst fan syn knibbel. Nei alle gedachten is Mac-Intosch der tsjin TOP Oss in wike letter wol wer by. Sven Nieuwpoort sil Mac-Intosch ferfange yn de ferdigening.
Henk de Jong
Nick Doodeman trainde sneon foar de twadde kear mei by Cambuur. Hy soe oankommende simmer de oerstap meitsje fan FC Volendam nei Cambuur, mar op de lêste dei fan de transfermarkt hat de klup syn kontrakt ôfkocht en Doodeman fuortendaliks nei Ljouwert helle. Dêr is de oanfaller wiis mei: "Als je in de zomer tekent, wil je het liefste zo snel mogelijk hier naartoe. Toen die kans kwam, heb ik die wel gepakt."
Moandeitejûn waard dúdlik dat Doodeman de direkte oerstap meitsje soe. Dêr seach it moarns noch net nei út, doe't er noch gewoan mei FC Volendam meitrainde. "Er is veel gebeurd. 's Ochtends stond ik op het trainingsveld met het idee dat ik de volgende dag tegen Go Ahead Eagles zou spelen, in de middag is het snel gegaan en zijn de clubs rond gekomen."
Tsjin Jong Ajax sit Doodeman op de bank. De Jong is bliid dat er oer de bûtenspiler beskikke kin. "By Volendam kinne se ek sizze dat as se in lykweardige spiler hawwe, se Nick net mear opstelle. Dan kinst him better direkt helje. En we fine dat ús rjochterkant noch wol wat konkurrinsje brûke kin. No hawwe we alles dûbeld beset."
Nick Doodeman
Mocht de wedstriid moandei troch gean, dan is Omrop Fryslân der fansels by mei in ekstra sportprogramma. Dat begjint om 21.00 oere en fan Sportpark De Toekomst ôf fersoarget sportferslachjouwer Andor Faber it kommintaar. Tiisdei is der yn in nij Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting te sjen fan dat duel.