Fryske grinsrjochters flagje heale finale op WK foar klupteams

06 feb 2021 - 16:14

Grinsrjochters Hessel Steegstra fan Snits en Mario Diks fan Ljouwert flagje snein de earste heale finale op it WK foar klupteams. De wedstriid giet tusken it Braziliaanske Palmeiras en it Meksikaanse Tigres en wurdt spile yn Katar.

Hessel Steegstra, Jan de Vries en Mario Diks ferline jier yn Camp Nou yn Barcelona - Foto: Omrop Fryslân

Steegstra en Diks behearre ta 'Team Makkelie'. Danny Makkelie is dêryn de haadskiedsrjochter. Hy wurdt fierder bystien troch Kevin Blom en Jochem Kamphuis as VAR.

De oare heale finale giet tusken Bayern München út Dútslân en Al-Ahly út Egypte. Dy wedstriid is op moandei. Oft de Fryske grinsrjochters ek de finale flagje meie, wurdt letter bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)