Kongres oer duorsumens yn Ljouwert

16 nov 2011 - 13:48

Yn Ljouwert is in konferinsje mei as doel kennis oer enerzjy en duorsumheid te dielen. Besikers komme ûnder oare út Curacao en Uganda. Global Energy Now is in inisjatyf fan Leona Beeldstroo fan Ljouwert.

Se hat oardel jier dwaande west mei de organisaasje fan it evenemint dat woansdei en tongersdei is. Beeldstroo wol dat bedriuwen en oerheden kennis mei-inoar diele om sa ta in skjinnere en bettere wrâld te kommen. Sprekkers binne ûnder oare Prins Carlos de Bourbon Parme en Jacqueline Cramer, earder minister fan VROM.

Trefwurden: 
kongres
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)