RIVM: 208 nije coronabesmettingen yn Fryslân, seis stjergefallen
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 208 coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 36 mear as freed, want doe wienen it 172. It gemiddelde oer de ôfrûne sân dagen is 171 besmettingen de dei.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (46). Dêrnei folgje Ljouwert (mei 35) en De Fryske Marren (mei 20).
Seis stjergefallen
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren seis stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten De Fryske Marren (2), Hearrenfean (2), Súdwest-Fryslân en Noardeast-Fryslân.
Der is ien Fries yn it sikehûs yn rekke mei it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren. Dat is in ynwenner fan Opsterlân.
Lanlik
Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 4.130 coronagefallen fêststeld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.