Alle faksinaasje- en testlokaasjes GGD snein ticht fanwege it winterwaar

06 feb 2021 - 14:30

Alle teststrjitten en faksinaasjeplakken fan de GGD bliuwe snein ticht, yn it hiele lân. De GGD's hawwe dizze maatregel nommen fanwege it winterwaar dat komt en it ôfkundigjen fan koade read. Dat hat it GGD-GHOR Nederland meld, de lanlike GGD-organisaasje.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ferskate GGD's hiene al yn 't foar besletten de test- en faksinaasjelokaasjes te sluten. Yn totaal moatte yn Nederlân sa'n 40.000 minsken in nije ôfspraak meitsje. Dêrfan soe de helte in faksinaasje krije en de helte soe in test dwaan litte. Mooglik slagget it net om alle minsken op tiid te beljen. Ek wa't net belle is, hoecht dus snein net nei in test- of faksinaasjelokaasje te kommen. Der wurde nije ôfspraken makke foar alle minsken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)