Waskemar yn coronatiid: by Hair&Beauty sjogge se út nei de klanten

Hoe stiet it mei de leefberens yn in doarp yn coronatiid? Yn Waskemar is it doarpshûs sletten en is der ek gjin supermerk. Troch de coronamaatregels binne der net in soad plakken dêr't minsken inoar moetsje kinne. By de kapsalon en beautysalon fan de suskes Hilde en Esther Rozema wolle se hiel graach de klanten wer ferwolkomje.
Waskemar yn coronatiid Kapperszaak
Ek de doar fan Hair&Beauty is foarearst sletten troch alle coronabeheiningen. "Hielendal dizze twadde lockdown falt dat net ta", seit eigneres Hilde Kist-Rozema. "Alle ynkomsten binne fuortfallen en de kosten geane wol troch. Ek is der dizze twadde kear wol in stipepakket tasein, mar wy hawwe noch neat krigen."

Bestellingen

"It is prachtich om te sjen hoe't ús klanten mei ús meilibje. Njonken alle persoanlike berjochten, krije we ek in soad bestellingen fan ús produkten. Wy spylje dêr graach op yn mei aksjes fia social media en we besoargje ús produkten feilich thús."

Trochsette

Dit jier is it 15 jier lyn dat Hilde Kist-Rozema in kapsalon begûn yn Waskemar. "Der waard yn it begjin wol in bytsje oan twivele, sa fan: wêr begjinst oan famke", seit Hilde Kist. "Mar ik haw trochset. En fan it begjin ôf oan rûn it geweldich. De klandyzje kaam net allinnich út Waskemar en Wynjewâld, mar ek út Drachten en Bakkefean. Der binne sels minsken dy't yntusken ferhuze binne nei Amsterdam dy't har noch altyd dochs yn Waskemar knippe litte."

Kap- en beautysalon

Yn 2011 hie har sus Esther Rozema yntusken in oplieding ta skjintmespesjaliste folge en sette op de boppeferdjipping fan de kapsalon útein mei in eigen beautysalon. "In perfekte kombinaasje", neffens Hilde, "dy't ek wurdearring krige fan ús klanten." Yntusken wurkje der fjouwer minsken yn de saak.
Nettsjinsteande de ûnwisse takomst, bliuwe Hilde en Esther posityf. "Fansels witte wy ek net oant wannear wy dit noch folhâlde kinne. Aldergeloks hawwe wy troch de jierren hinne wol in buffer opboud en dogge wy foarearst gjin grutte ynvestearringen. Al wurde je wolris wat krigel troch alle ûnwissichheden. Je witte ommers net wannear't je wer begjinne kinne. Wy binne der klear foar."
Yn de kommende tiid folget Omrop Fryslân it doarp Waskemar. Fan de basisskoalle oant it doarpshûs. Fan de fuotbalferiening oant doarpsbelang. Hoe giet in doarp en alle minsken yn it doarp om mei de coronakrisis? Watfoar effekten hat it op it doarp?