KNMI jout waaralarm: snein 'Koade read' foar it hiele lân

06 feb 2021 - 21:45

It KNMI jout foar snein dochs koade read ôf, dat hat it waarynstitút sneontemiddei bekend makke. De ôfkundiging is fanwege de sniejacht: de snijende kjeld, it minne sicht en de kâns op sniedunen. Koade read jildt foar it hiele lân, ek foar Fryslân, de hiele snein.

Foto: KNMI | Omrop Fryslân

It waaralarm is fan krêft foar snie yn kombinaasje mei in soad wyn en lichte oant matige froast. Sneontejûn sil it yn it suden snije. De kommende nacht en snein wreidet de snie 'm nei it noarden út oer it oare part fan it lân.

Waarman Piet Paulusma ferwachtet foar sneontejûn noch net folle snie. "Fannacht is der kâns op wat lichte snie, miskien ien sintimeter en yn it suden fan de provinsje wat mear."

Troch de eastewyn is der sprake fan sniejacht: dêrtroch kinne der sniedunen ûntstean dy't foar it ferkear gefaarlike situaasjes opsmite kinne. Ek is it sicht min: mooglik minder as 500 meter. It is foar it gefoel snijend kâld.

Risiko's en ûntregeling

Oan de kust is der kâns op swiere wynstjitten oant 80 km/oere. Fierder is der langduorjende sniefal, yn kombinaasje mei wynkrêft 5-6 út eastlike rjochtingen wei. De temperatuer is flink ûnder it friespunt. Der sil yn trochsneed sa'n 10 sintimeter snie falle. Yn it noarden sil der nei alle gedachten 2-5 sintimeter falle.

De risiko's foar ferkearsdielnimmers binne grut. Der is kâns op grutskalige ûntregeling fan it iepenbier ferfier. Der is in grut risiko op oerlêst en it KNMI freget minsken om net op reis te gean as it net nedich is en waarberjochten te folgjen.

Gefoelstemperatuer nei -17

Paulusma ferwachtet foar snein neist snie ek lege temparatueren. "Ris efkes wat lichte snie, ris efkes drûch. De temperatueren sille rûn de -3 lizze. De wyn is moarn sterk, yn it Waadgebiet in stoarmige wyn fan krêft 7-8 en dat kin samar útgroeie kinne oan 9." Mei troch de wyn kin de gefoelstemperatuer op -17 útkomme.

Ek nei it wykein bliuwt it wintersk, seit Paulusma. "De hiele wike winter, mei matige froast yn de nachten en lichte froast oerdei."

De waarfoarsizzing fan Piet Paulusma fan sneon 17.30 oere

Trefwurden: 
KNMI winter sniejacht sniefal
(Advertinsje)
(Advertinsje)