Drachtster kapper glidet snieskowerhannel yn: "Al 15 ferkocht yn in oere"

06 feb 2021 - 12:13

Snieskowers kinne je yn Drachten fan sneon ôf ek by de kapper helje. Kapper Gerben Minnesma hat tsientallen bûten syn kappersaak oan de De Lange West stean. Syn saak is al wer wiken ticht troch it coronafirus en út ferfeling socht er alternative hannel. En doe't er de waarberjochten seach en syn eigen snieskower net fine koe is er nei in gruthannel riden en hat fuort 50 ophelle.

Drachtster kapper glidet snieskowerhannel yn

"Myn frou en soan binne ek kapper en dus sitte we alle trije thús. En net allinich misse we dêrtroch ynkommen, mar je misse ek it dwaande wêzen. Doe't ik de foarsizzingen fan Piet Paulusma hearde, bin ik op syk gien nei myn eigen snieskower. Ik koe him net fine en in nije keapje wie noch net sa maklik. En dus haw ik betocht dat ik se sels mar ferkeapje moast."

15 yn in oere ferkocht

De ferkeap ferrint fia de telefoan en Facebook: nei in oere wiene de earste 15 al ferkocht. "Der is grutte belangstelling foar dus ik tink dat ik se allegearre sneon wol kwytreitsje. As dat bart, sil ik moandei nochris nei de gruthannel en helje in steapel op."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It smyt net in soad op foar de kapper, mar it is goed om wer wat om hannen te hawwen. "We kinne op it stuit net knippe, hoe graach we dat ek dogge. Mar je moatte wol dwaande bliuwe, dus ik bin wiis mei dizze tydlike hannel", sa seit Minnesma.

Kapper Gerben Minnesma fan Drachten

Kapper Gerben Minnesma - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
Drachten kapper snieskowers
(Advertinsje)
(Advertinsje)