It Nationaal Modelspoor Museum fan Snits siket in nije namme

06 feb 2021 - 11:53

It Nationaal Modelspoor Museum yn Snits is op syk nei in nije namme. Mooglik ferhuzet it museum dit jier fan it stasjonsgebou fan Snits nei in gruttere lokaasje. It museum wol nei yndustryterrein de Hemmen. Dat is noch net hielendal útiten, mar by in nij museum heart ek in nije namme, sa fynt it bestjoer.

It Nationaal Modelspoor Museum yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It Nationaal Modelspoor Museum hat in online enkête opset dêr't minsken in oansprekkende namme kieze of sels foardrage kinne. Riedsfraksjes yn Súdwest-Fryslân fine dat it museum yn elts gefal foar fiif jier op it yndustryterrein terjochte kinne moat. It kolleezje hie dêr lykwols minder betrouwen yn. Mooglik tsjinje fraksjes dizze moanne in moasje yn om it ferhúzjen dochs mooglik te meitsjen.

It Nationaal Modelspoor Museum yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)