Waadmanifest fan 35 noardlike fraksjes tsjin gas- en sâltwinning Waadgebiet

06 feb 2021 - 11:16

In 'Waadmanifest' ropt it kabinet en de Twadde Keamer op om gas- en sâltwinning yn it Waadgebiet tsjin te hâlden. It is in inisjatyf fan de PvdA en GrienLinks Fryslân en it hat stipe fan yn totaal 35 Steate-, gemeenterieds-, en wetterskipsfraksjes fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân. Neffens de partijen is mynbou in grut gefaar foar it UNESCO Wrâlderfgoed.

Jochem Knol en Hetty Jansse - Foto: Partij van de Arbeid Statenfractie Fryslân

De fraksjes fine gas- en sâltwinning in grutte bedriging fan in unyk en weardefol stik natuer. It soarget foar boaiemdelgong en bringt natuerlike prosessen yn gefaar. De fraksjes roppe it kabinet op om fuortendaalks op te hâlden mei de mynbou yn it gebiet.

Gjin fergunningen ôfjaan

Eric Wiebes, de eardere minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat, hat yn desimber oanjûn de effekten op de seespegel en it saneamde 'hân-oan-de-kraan-prinsipe' te ûndersykjen. Ynkoarten wurde de resultaten bepraat yn de Twadde Keamer. Salang't net echt bliken docht dat der gjin skea oan it Waad ûntstiet, moatte der noch gjin fergunningen ôfjûn wurde, fine de partijen. De gaswinning by Ternaard is dêr in foarbyld fan.

"Sterk sinjaal nedich"

"Een krachtig signaal vanuit het Noorden is daarom noodzakelijk," sa skriuwe de partijen. Dêrom is in 'Waadmanifest' opsteld. "Breng de stilte, donkerte en de rust op het Wad terug. Tegen de wil van de Provinciale Staten van Noord-Holland, Fryslân en Groningen verleent de minister vergunningen aan bedrijven die mijnbouwactiviteiten in het Waddengebied uitvoeren," sizze Hetty Janssen en Jochem Knol út namme fan alle fraksjes.

Stipe fan Fryske fraksjes

Ut de Fryske Provinsjale Steaten hat it manifest stipe fan PvdA, GrienLinks, D66, FNP, SP en PvdD. De Fryske gemeenteriedsfraksjes fan de PvdA Harns, Skylge en Noardeast-Fryslân, GrienLinks Harns en Súdwest-Fryslân, SAM Waadhoeke, Groen NOF en S!N Noardeast Fryslân dogge ek mei. By it Fryske wetterskip wei krijt it stipe fan PvdA, FNP, PvdD en Water Natuurlijk Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)