Operaasje Fryske Flagge: Agnes de Boer wennet yn 'coronafrij' Tasmanië

Fan alle lannen op de ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike fertelt Agnes de Boer oer har libben yn Tasmanië. "Fan alle hoeken yn de wrâld dêr't ik wenne haw, is dit wol in hiel goed diel fan de wrâld om te wenjen", seit de âld-Jorwerter.
© Omrop Fryslân
Agnes de Boer is opgroeid op in pleats yn Jorwert, mar yntusken hat se al hiel wat fan de wrâld sjoen. Har stúdzje as tropedokter brocht har al yn Etiopië, Tanzania en Papoea Nij-Guinea. Sûnt 2018 wennet en wurket se yn Tasmanië, tegearre mei har Australyske partner.
En dit eilân oan de oare kânt fan de wrâld is prachtich, fynt De Boer. De kustline mei kliffen, de bergen, de âlde oerbosken, de bysûndere bisten: oeral is de wyldernis. "Tasmanië is hast twa kear sa grut as Nederlân, mar der wenje mar in heal miljoen minsken."
De âld-Jorwerter wurket as dokter yn it sikehûs fan Hobart, de haadstêd fan Tasmanië. Dat leit net samar om de hoeke: se moat der elke dei 40 kilometer foar ride. "Op de fyts kin net", seit De Boer laitsjend. "Mar it is hjir hiel gewoan om elke dei sa'n ein te riden."

Strange regels foar corona

Om't it lân in eilân is, koe it regear fan Australië, dêr't Tasmanië ûnderdiel fan is, de grinzen ienfâldichwei tichsmite doe't it coronafirus op it toaniel kaam. Der kamen hiel strange regels.
"Hiel Australië is der goed foar weikommen oant no ta", seit De Boer. "Se binne hiel strikt. Dêrtroch hawwe we al hiel lang gjin corona hân hjir, dus ús libben giet hjir gewoan troch. Wy dogge net oan dy gekkichheden: wy ha gewoan feestjes en in hiel gewoan libben."

Jorwert

Troch it coronafirus hat se har famylje yn Jorwert al in skoft net mear sjoen. "Dat is fansels wol in soarch. It makket it wol in hiel ein fierder fan hús", seit Agnes. Want al kin se oeral har plakje wol fine, Jorwert en de pleats dêr't se opgroeide bliuwe fansels bysûnder. "Ik fiel my oeral thús , mar Fryslân is fansels wol it plak dêr't ik opgroeid bin."
Agnes de Boer út 'coronafrij' Tasmanië wei
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.